Ynternasjonaal  It FYK is in Fryske jongereinorganisaasje dy’t foaral ynternasjonaal oriëntearre is Wy hawwe útwiksels mei oare jongerein dy’t ek yn in minderheidsgebied wenje. Sa hawwe FYKers al by de Retromanen yn Switserlân, de Hongaren út Servië, de Slovenen yn Itaalje, de Oksitanen út Frankryk op besite west. It FYK hat kontakt mei rom 30 minderhedenorganisaasjes yn Europa en eltse simmer binne der útwiksels. It leuke fan sa’n útwiksel is datst echt meinaam wurdst troch minsken dy’t it lân goed kenne. Sa komst op plakken wêrst as gewoane toerist net komme soest. Fansels is it persoanlik kontakt mei minsken ek hartstikke leuk. Youth of European Nationalities
It FYK is oansluten by de Youth of European Nationalities, de koepelorganisaasje. De YEN organisearret twa kear yn it jier in kongres wêr’t alle organisaasjes by inoar komme. It grutste kongres is it Peaskekongres, dat elk jier ek wer by in oare minderheid plak fynt. In kongres stiet foar in soad wille, worksjops, kontakten, ekskurzjes mar ek politike en kulturele diskusjes. Bûten dizze saken organisearret it FYK ek in oantal aktiviteiten yn Fryslân foar de leden sels. Sa hawwe wy leuke feesten, geane wy bygelyks te waadrinnen, nei it teater of in konsert, of gewoan nei de kroech. Leden binne sa aktyf at se sels wolle. It FYK is gjin studinteferiening wêr’t ferplichte byienkomsten binne of wêr’st ‘ontgroend’ wurdst. It giet dan ek foaral om kontakt mei inoar te hawwen en mei ús allen op paad te gean. Want wy sjogge graach ris oer de grinzen! 
KostenDe kontribúsje is it earste jier € 20 en dêrnei €25. Meldst dy nei 1 septimber oan, dan betellest foar dat kalinderjier mar € 10. Fiif kear yn it jier krijst dan ek it ferieningsblêd de FYK-Ljepper. Kosten fan reiskes fariearre fan €100 oant €200 foar in wike (alles ynklusyf)
Asto dy yn trije punten of mear fine kinst, bist in echte FYK-er!· Bist ynteressearre yn oare kultueren · Fynst it leuk om mei oare jongelju yn de kunde te kommen · Giest ek graach ris op reis en sjochst oer de grinzen hinne · Praatst Frysk of fielst dy in Fries · Wolst graach foar net tefolle jild in protte wille hawwe en der ek noch ris in soad fan learen |