3-9 april Peaskekongres yn Aabenraa/Apenrade, Denemarken
ANNULEARRE FANWEGEN IT CORONAFIRUS.
Fan 3 oant en mei 9 april sil it heve yn Denemarken! It Peaskekongres Grenzland 2.0 –100 years of best practice? –Think beyond borders sil plakhawwe yn Apenrade/Aabenraa, Denemarken en wurdt organisearre troch trije organisaasjes dy’t de Dútske minderheid yn Denemarken en de Deenske minderheid yn Dútslân fertsjintwurdigje: Sydslesvigsk danske ungdomsforeninger (Sdu), Deutscher Jugendverband für Nordschleswig(DJN) en Junge SPitzen.
Dit jier is tige bysûnder foar dy minderheden, mei’t it presys 100 jier lyn is dat de minderheden fêstlein waarden mei de grins tusken Denemarken en Dútslân. Sadwaande wurdt it hiele jier aktiviteiten pland yn it Grenzland.
Workshops
Foar it Peaskekongres kinst kieze út trije workshops, dy’t allegearre boud binne op it peakekongrestema “Grenzland 2.0 –100 years of best practice? –Think beyond borders” en it jiertema fan YEN “Think diverse! Minority youth in a Changing World.”
Workshop 1: Minorities against populism and nationalism
- Ingelsk
- Diskusje en oanpak minderheden y.f.m. populisme en nasjonalisme
Workshop 2: Grenzland 2.0
- Dútsk
- Opsetten as similaasjespul
Workshop 3: Minority Identity
- Ingelsk
- Oer identiteit, sitewaasjes en (polityk) belied fan minderheden.
- Taspitst op nije leden/newbies
Aktiviteiten
Neist de workshops binne der ek aktiviteiten pland!
- Liet International : it sjongfestival foar minderheden is tagelyk yn Apenrade/Aabenraa!
- YEN-útwikseling
- Ekskurzje om mear te learen oer it Grenzland en de Dútske en Deenske minderheden dy’t dêr wenje.
- General Assembly op 9 april: algemiene jiergearkomste fan YEN mei bestjoerswiksel en kâns om dy op te jaan foar in Working Group fan de YEN.
Opjaan en mear ynformaasje
Opjaan kin fia it FYK oant en mei 14 maart! Jou by dyn opjefte ek oan hokker workshop dy moai taliket en oftsto oanwêzich wêze silst mei de General Assembly.
Mear ynformaasje is te finen yn de call for participants. Foar fragen en/of opjefte kinst maile nei it FYK

ANNULEARRE FANWEGEN IT CORONAFIRUS.
10-16 febrewaris Kick-Off yn Csolnok, Hongarije
De YEN Kick-Off sil organisearre wurde by de Dútske minderheid yn Hongarije en sil plakfine yn Csolnok/Tscholnok fan 10-16 febrewaris 2020.
It tema fan it jier foar YEN is “Think Diverse! Minority youth in a changing world.”
De Kick-Off sil dêrom ôftraapje mei “Think equally”, dêr’t de workshops taspitst binne op minskerjochten en de eigen minderheidsituaasje.
Neist de workshops is der ek tiid om mear oer de Dútske minderheid yn Hongarije te learen mei in ekskurzje, mar is der ek romte om oer inoar te learen. Neist GJU, Gemeinschaft Junger Ungarndeutscher, sil ek de Slovaakske feriening MASZFIS – Organizácia slovenskej mládeže v Maďarsku – mei-organisearje, dat do silst ek noch oer de Slovaken yn Hongarije leare.
Sjoch foar alle ynformaasje oer it evenemint yn de Call for Participants.
Dielnimmerskosten binne €100 foar de hiele wike ynklusyf workshops, iten en ûnderdak. Foar de reiskosten kinst kontakt opnimme mei it FYK.
Mail foar mear ynformaasje of om dy op te jaan nei foarsitter@fyk.nl
Opjaan kin oant 7 jannewaris.

FYK 2020
Mei it FYK kinst ek yn 2020 wer troch hiel Europa reizgje!

7-13 oktober Hjerstkongres yn Sotchi, Ruslân 2019
It twadde part rjochter him ta de duorsumens en de takomst fan in jongereinorganisaasje, om’t de YEN harren 35ste besteansjier fiert.
Fansels is der ek romte foar de kulturele útwiksel én in ekskurzje om de Dútske minderheid better kennen te learen yn Ruslân.
Opjaan kin oant en mei 20 juny. It is ekstra betiid fanwegen de ekstra saken dy’t regele wurde moatte (fisum bygelyks).
